Boek
Noardlike nachten wie ynearsten pland as it foarlêste (sânde) diel fan de rige misdiedromans oer it speurdersduo Dynte Planteit en Nier Hinnebruijer. Mar it woe de skriuwer destiids net slagje om it ferhaal út de pinne te krijen. Hy sleat de rige ôf mei In kâld keunstje (2001).
Safolle jier letter hat de skriuwer de guit dochs krigen mei as resultaat dat de rige no kompleet is. Van der Leest hâldt him foar it each wol oan de regels fan it misdiedsjânre, mar hy nimt it net al te krekt mei logika en konsekwinsje. Fan in izeren wetmjittichheid is ornaris gjin sprake, samar kin it ferhaal in oare draai nimme. Men moat it ferhaal dan ek net al te serieus nimme. Wichtiger binne de brike sitewaasjes en de (taal)grappen.
Yn Noardlike nachten gjin misdiedsyndikaten of yndividueel agearjende misdiedigers, Van der Leest lit syn helden diskear optrede yn de wrâld fan de horror. Dynte hat it fersyk krigen om foar grou jild in 'hear fan stân' in wike lang te ferdivedearjen en se hat sûnder euvelmoed tasein. Mar Nier fertrout it foar gjin sint en hy reizget as ferstekkeling mei nei it hege noarden - Frieslân -, dêr't de greve syn ûnderkommen hat.
Nier syn wantrouwen wurdt mear as wier makke. It fêste personeel is skriklik knoeid en mismakke troch in freon fan de greve. Yn de kelder steane rigen lykkisten dêr't de foarstaach fan de greve deis yn skûlet. By nacht komme se foar it ljocht.
Nier wit dat in earder ferdivedaasjefamke út Fryslân nea weromkommen is út it noarden en hy freest foar Dynte ek in skriklik lot. Hy hat gelyk, mar de ynvintive Nier bret in yngewikkeld plan út om it kastiel te ûntflechtsjen, en it slagget him om mei help fan twa keamerfammen dy't ek tsjin it sin fêsthâlden wurde, dat plan út te fieren. «
Boeklezers.nl is een netwerk voor sociaal lezen. Wij helpen lezers nieuwe boeken en schrijvers ontdekken, en brengen lezers met elkaar en schrijvers in contact. Meer lezen »
Er zijn nog geen recensies voor dit boek.