Boek
Ria iepent har hart en fertelt yn har gedichten hoe’t se tinkt en hoe’t se dingen beleeft. Dêrby is se net bang om it achterste fan har tonge sjen te litten. It is net allinnich mar positiviteit, se lit ek kanten fan harsels sjen wêryn’t se lekker dwers wêze kin, útdaagjend en neitinkend is. Har leven ferrint net altyd perfekt en sa bin har gedichten ek net. Ploppe der sa in pear Nederlânske gedichten op tusken de Fryske en dy lit se stean. Wêrom ek net? Ria hat de kracht fûn om har eigen paad te sykjen. Se fielt har feilich yn har doarp en de omjouwing wêryn’t se wêze mei wa’t se is. In frou dy’t iepen is, net fan hokjestinken hâldt en der soms eigenaardige gewoantes op nei hâldt. Trouwens, dan is se op har best, dan is se gewoan Ria. «
Boeklezers.nl is een netwerk voor sociaal lezen. Wij helpen lezers nieuwe boeken en schrijvers ontdekken, en brengen lezers met elkaar en schrijvers in contact. Meer lezen »
Er zijn nog geen recensies voor dit boek.