Boek
Sybrig hat harsels altyd sjoen as in sneinsbern. Dingen barden op it goeie momint en it goeie plak. Alles liket goed te gean
En dan komt dat momint datst tinkst: ik bin op hol slein, de holle, it hert en myn hiele dwaan en litten
Dit boek giet oer hoet ik mysels ôfremme, yn balâns krige, alles wer goed op inoar ôfstimde. Ik ha noait witten dat dat sa sear die en sa aaklik fiele koe. Oerspand, dat oerkomt oaren, mar my dochs net?
Yn de earste wiken dat ik thús wie fan myn wurk, ripe stadich it plan om der oer te skriuwen. Myn dreamen skriuwde ik al op, omdat se sa helder en dúdlik wiene(n wisse) yn dy perioade en al gau besleat ik dat dy dreamen de trie yn myn ferhaal wurde soenen.
...en ik gean nei bûten ta al fleanend. Frij fiel ik my, mar dan is it ynienen krekt of ha ik neat mear oer myn eigen fleanerij te sizzen. Ien of oare krêft sûget my mei in rotgang omheech, sa fluch kin ik noait fleane. Prachtige lânskippen sjoch ik ûnder my, heuvels, bergen mei snie, rivieren, is dit noch wol Nederlân? Dit is my fierstente heech. Ik wol net nei de himel of in oare planeet. Kin ik eins noch wol fleane? Ik driuw mar wat, aansens begjin ik te fallen...
Yn earlike bewurdingen en yn soepele styl, beskriuwt Sybrig wat har allegear oerkaam en hoet dat fielde. It jout in tige ferhelderjend ynsjoch yn in proses dat in protte minsken sels ek meimakke hawwe of by oaren sjoen ha. Omdat se it goed ûnder wurden bringe kin en harsels skerp yn byld hat, stiet it de lêze as fansels hiel nei. In knappe prestaasje, benammen by san persoanlike ûnderfining.
«
Boeklezers.nl is een netwerk voor sociaal lezen. Wij helpen lezers nieuwe boeken en schrijvers ontdekken, en brengen lezers met elkaar en schrijvers in contact. Meer lezen »
Er zijn nog geen recensies voor dit boek.