Boek
oer de bruorren Halbertsma is in heel soad skreaun en oer Eeltsje Halbertsma is sels in 'klassike' dissertaasje skreaun. Wat nijs taheakje oan de al bekende feiten, hie Huisman grif net tafallen. Mar dat wie syn doel ek net, it giet him om de moeting fan in dichter mei in dichter.
Bennie Huisman, sjonger en dichter, kaam as jonge al ûnder de tsjoen fan it liet 'It wie op in simmerjûn, it sintsje stoe (stie) op 'e grûn.' Halbertsma, seit Huisman, leit in momint fan de dei fêst dat mar in tel bestiet, it stuit dat de sinne op 'e râne fan 'e wrâld leit en hast ferdwynt.
Oan dat momint ferbynt Halbertsma in yntins gefoel fan frede en harmony en ek fan lok dat de wrâld omfettet, mar osa broas is. Yn skril kontrast ta dat lok stiet it libben fan Eeltsje Halbertsma, dat men net oars as tryst en tragysk neame kin. Syn houlik wie ien stik misère, de measte fan syn bern stoaren.
Dêrby it ûnrêstige aard fan Halbertsma, hy koe him net deljaan en swalke soms fier fan it âlde Grou om rêst en hâldfêst. Huisman bereizget de plakken en streken dêr't Halbertsma ferkeard hat en reizget him nei yn brieven en dichtwurken. It binne reisferhalen yn de werklikheid en yn de geast fan in dichter dy't in oare dichter neifiele en trochgrûnje wol. «
Boeklezers.nl is een netwerk voor sociaal lezen. Wij helpen lezers nieuwe boeken en schrijvers ontdekken, en brengen lezers met elkaar en schrijvers in contact. Meer lezen »
Er zijn nog geen recensies voor dit boek.