Boek
It boek De Fryslannen jout in koart oersjoch fan Fryske skiednis, taal en kultuer yn West-, East- en Noard-Fryslân. It hat fjouwer haadstikken, dy't skreaun binne troch Piet Hemminga (Westerlauwersk Fryslân), Hajo van Lengen (East-Fryslân) en Thomas Steensen (in ynliedend haadstik en in haadstik oer Noard-Fryslân). It boek is rynsk yllustrearre en is ornearre foar it 'grutte publyk'. Fansels komt ús 'eigen' Fryslân oan bar, mar men komt ek op in noflike wize yn 'e kunde mei 'de oare Friezen',harren lân, taal en kultuer en mei ús mienskiplike skiednis. It grutste part fan it boek is oerset troch Sytze T. Hiemstra, dy't ek de einredaksje hân hat. In lytser part troch frou Gosta Jellema. As ekstra is in nije geografyske kaart tafoege, makke troch Kerst Huisman.
It boek is in oersetting fan Die Frieslande, dat yn 2006 yn it Dútsk útjûn is troch de Interfriesische Rat/Ynterfryske Rie yn 'e mande mei it Nordfriisk Instituut en beslacht sa'n 130 siden. «
Boeklezers.nl is een netwerk voor sociaal lezen. Wij helpen lezers nieuwe boeken en schrijvers ontdekken, en brengen lezers met elkaar en schrijvers in contact. Meer lezen »
Er zijn nog geen recensies voor dit boek.