Boek
De Utopia jout hope op in bettere wrâld. It boek bestiet út twa parten. Yn it earste part sketst More allegear misstannen, dyt ús tsjintwurdich ek net hielendal ûnbekend binne: woekerferkeap fan produkten, misbrûk fan minsken, ymmorele spekulaasje, selsferriking, mar ek berne-arbeid, wat yn Europa fierhinne útballe is mar oars op e wrâld noch rûnom foarkomt. De elite dyt ferantwurdlik is foar it belied is foaral dwaande mei selsferriking en bekroadet him net om de sosjale ferhâldingen. Fjouwer ieuwen letter sil Marx itselde sizze.
Yn it twadde part sketst Thomas More in bettere wrâld. De wurkdei bestiet út 5 oeren, dat minsken tiid oer ha om harsels te ûntwikkeljen. Der binne ek goede mooglikheden om te reizgjen, fan baan te wikseljen en te studearjen. Opfallende skaaimerken fan Utopia binne fierder:
Der is frijheid fan godstsjinst.
Eutanasy is tastien foar deasike minsken dyt har lijen net mear ferneare kinne.
In moai foarbyld fan e omkearing fan wearden yn Utopia is dat kriminelen mei gouden keatlings fêstset wurde. Sa leare de bewenners fan Utopia om goud as wat ferachtliks te sjen. En as bûtenlanners har mei goud beynfloedzje wolle, sille se net nei har harkje wolle.
De auteur Thomas More wie in persoanlike freon fan Erasmus. Hy fersette him tsjin e despoat Hindrik VIII, doet dy him fan e tsjerke fan Rome ôfkeare woe. Dat soe him yn 1535 it libben kostje. Yn 1935 waard More hillich ferklearre.
«
Boeklezers.nl is een netwerk voor sociaal lezen. Wij helpen lezers nieuwe boeken en schrijvers ontdekken, en brengen lezers met elkaar en schrijvers in contact. Meer lezen »
Niemand