Boek
Feitsma hie al aardich wat ferhalen en ferskes vn de folksaardige trant publyk makke, doe't er ûnder de tsjoen rekke fan it Naturalisme, in streaming dy't
yn Frankrvk ûntstien wie en syn wei fûn hie nei Dútslân en Nederlân. It Naturalisme wol de wrâld mei `wittenskiplike' krektens útbyldzje: giin
sedeprekerij, mar wierheid. Likemin as oare naturalistyske skriuwers bekroadet Feitsma him om de grinzen fan fatsoen en earberheid dy't earder vn 'e literatuer yn acht nommen waarden. De skriuwer mei neat ferhimmelje en fermoaikje, ek net as de earklikheid dy't er beskriuwt ôfstjittend is.
Sa ûntstie in rige fan seis ferhalen oer lju `út 'e ûnderste lagen', minsken dy't fan earmoede de kruk fan 'e doar net fine kinne en dy't it mei de seden net
altiten like nau nimme.
«
Boeklezers.nl is een netwerk voor sociaal lezen. Wij helpen lezers nieuwe boeken en schrijvers ontdekken, en brengen lezers met elkaar en schrijvers in contact. Meer lezen »
Er zijn nog geen recensies voor dit boek.