Boek
Wat hawwe dyn âlden dien yn 'e Twadde Wrâldoarloch? En hokfoar ynfloed hat dat op dyn eigen libben? Dat binne de fragen dy't de minsken yn de roman 'Tiid fan libjen' harsels stelle. Haadpersoan Eelke, in wurkleaze learaar út de Fryske Wâlden, reizget yn 1985 mei in frachtwein nei Dútslân. Hy bedarret yn Sealterlân en komt yn 'e kunde mei in famylje, dy't dêr wat achterôf op in pleats wennet: de linkse en feministyske Gretchen, har soan Peter, har mem Maria dy't geastlik yn 'e tiis is en har beppe Lize. Lize hat de skourre fan de âld pleats ferhierd oan in jongereinferiening. Mar Gretchen en Eelke ûntdekke dat it om in groep neonazi's giet: jongeren dy't oanslaggen tariede en treend wurde om as bysûndere kommando's ynset te wurden yn it Midden Easten. Gretchen en Eelke komme yn aksje om dy ynset te ferhinderjen. «
Boeklezers.nl is een netwerk voor sociaal lezen. Wij helpen lezers nieuwe boeken en schrijvers ontdekken, en brengen lezers met elkaar en schrijvers in contact. Meer lezen »
Er zijn nog geen recensies voor dit boek.