Boek
Op har alfde jierdei kriget Afke in MP3-spiler. Dat komt goed út, want no kin se radio meitsje foar har heit. Heit en mem binne byinoar wei en heit toert mei syn band troch Amearika. Afke mist him o sa.
Mem hat in nije freon, Harm, dy't sels twa gruttere soannen hat. Tegearre ha mem en Harm noch in twilling krigen. Mei dy nije famylje giet se op fakânsje. Net mear sa as earder nei pake en beppe yn Gaasterlân, mar nei Frankryk yn in âld buske.
As in echte ferslachjouster fertelt Afke yn hat programma's oer alles wat se ûnderweis belibje. Dat is in protte! Mar de fakânsje rint lang net sa't de bedoeling wie. Wa wol wenje yn in smoarch hûs dêr't it lekt en dêr't it dak ôfwaait? En dan dy rare famylje! Sil dit wol goed komme?
Radio Afke is yllustrearre troch Auke Herrema. «
Boeklezers.nl is een netwerk voor sociaal lezen. Wij helpen lezers nieuwe boeken en schrijvers ontdekken, en brengen lezers met elkaar en schrijvers in contact. Meer lezen »
Er zijn nog geen recensies voor dit boek.