Boek
Yn 'e simmer fan 1991 wurdt yn 'e dunen fan Skylge in achtjinjierrige jonge dea fûn. Al gau wurdt dúdlik dat der geweld yn 't spul wie. Mar fan de dieder gjin spoar. Tsien jier letter stiet Arend Boomsma, destiids freon fan de jonge, en no wenjend yn Spanje, foar in dilemma. Syn heit, oannimmer op it eilân, is ûnferwachts stoarn. Probleem is dat er de man al tsien jier net mear sjoen hat - net sûnder reden - wylst er ek nochris bedrige wurdt troch de eardere, gewelddiedige partner fan syn Baskyske freondin. Dochs begjint er oan de reis werom, sawol yn letterlike as figuerlike sin. Dat jildt ek foar twa fan syn susters, dy't op Malta en yn Frankryk wenje. Eindoel is de begraffenis op it eilân, mei harren mem en noch twa susters. Elk wit min ofte mear wat him dêr te wachtsjen stiet. Mar elk wit ek dat it hiel oars útpakke kin - lykas seestreamen soms samar, en net te kearen, fan rjochting feroarje. «
Boeklezers.nl is een netwerk voor sociaal lezen. Wij helpen lezers nieuwe boeken en schrijvers ontdekken, en brengen lezers met elkaar en schrijvers in contact. Meer lezen »
Er zijn nog geen recensies voor dit boek.